Atsma: 'Staken wedstriid goed'

18 okt 2004 - 10:21

It Fryske CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma fynt dat skiedsrjochter Temmink sneontejûn in goed beslút nommen hat om de wedstriid ADO Den Haach - PSV te staken. Temmink naam dit beslút nei kwetsende sprekkoaren fan ADO-supporters tsjin PSV-fans.

Nei ôfrin fan de wedstriid binne der bussen mei PSV-supporters bekûgele mei stiennen. Atsma wol dat der hurde maatregels komme tsjin rêddraaiers fan fuotbalklubs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)