Atsma: KPN bestelt de konsumint

21 aug 2001 - 00:00

Twadde Keamerlid Joop Atsma is lulk oer it plan fan 'e KPN om de jildichheid fan telefoankaarten te ferkoartsjen. De prepaid kaarten binne no in jier jildich, de KPN wol dat beheine oant 6 moanne.

Atsma: "Dit komt del op it bestellen fan 'e konsumint. Wat betelle is mei net samar ûnjildich ferklearre wurde." Atsma fynt dat steatssiktaris Monique de Vries it KPN-foarnimmen tsjinhâlde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)