Atsma komt op foar pachtboeren

04 des 2001 - 00:00

Twadde-Keamerlid Atsma hie moandei yn Wurdum krityk op de nije pachtwet foar boerelân. Dy moat basearre wurde op wat it lân opbringt en net bepaald troch de frije merk, lykas it kabinet wol.

De CDA'er sei dat op in gearkomste foar pachtboeren. Fierders moat de belesting oer grûn oars heft wurde. Dan wurdt it oantrekliker lân te ferpachtsjen, sa mient Atsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)