Atsma: 'histoarysk kongres'

28 sep 2010 - 23:32

It CDA-kongres fan kommende sneon oer it regearakkoart tusken VVD en CDA mei stipe fan de PVV, wurdt miskien wol de meast histoaryske ea. Dat seit twadde keamerlid Joop Atsma fan it CDA. Atsma en syn Fryske kollega Sander de Rouwe moatte woansdei yn de fraksje in oardiel jaan oer it akkoart.

Ek de keamerleden fan de VVD en PVV sille it akkoart dat tiisdeitejûn let sletten is, besjen. As de CDA-fraksje grien ljocht jout, dan sil der sneon in lanlik partijkongres wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)