Atsma: 'Gau nije lieder'

10 jun 2010 - 08:41
  • Atsma is teloarsteld oer útslach ferkiezings

CDA-keamerlid Joop Atsma fynt dat der sa gau as mooglik in nije fraksjelieder komme moat. It Fryske keamerlid hie wol ferwachte dat Balkenende ôftrede soe nei it ferlies.

Atsma liedt tongersdei de fraksjefergadering foar de nije fraksjeleden. Hy tinkt dat it in emosjonele byienkomst wurdt oer hoe't it no fierder moat, want it grutte ferlies foar syn partij by de keamerferkiezings is neffens him dramatysk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)