Atsma foarsitter NOC-NSF?

19 sep 2003 - 00:00

CDA-Twadde-Keamerlid Joop Atsma fan Surhústerfean is frege foarsitter te wurden fan de nasjonale sportkoepel NOC/NSF. Oare kandidaten binne VVD- Twadde Keamerlid Erica Terpstra en Ruud Vreeman, boargemaster fan Zaanstad.

Atsma wol de funksje kombinearje mei syn Twadde-Keamer-lidmaatskip. It foarsitterskip fan 'e KNWU, de nasjonale hurdfytsuny jout er op. It bestjoer fan it NOC-NSF sil no moandei in kar meitsje út de trije kandidaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)