Atsma: 'Dramatysk ferlies'

10 jun 2010 - 00:10
  • CDA-keamerlid Joop Atsma

CDA-keamerlid Joop Atsma fynt it grutte ferlies foar syn partij by de keamerferkiezings yn in earste reaksje dramatysk. It Fryske keamerlid hie wol ferwachte dat Balkenende ôftrede soe nei dit ferlies. Atsma sil tongersdei de fraksjefergadering liede foar de nije fraksjeleden. Hy tinkt dat it in emosjonele byienkomst wurdt oer hoe't it no fierder moat mei it CDA. De partij ferlear woansdei 20 sitten.

Der moat neffens Atsma wol sa gau as mooglik in nije fraksjelieder komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)