Atoglas foldocht oan easken

04 nov 2002 - 00:00

It Ljouwerter bedriuw Atoglas foldocht foar it earst oan de easken foar har miljeufergunning. Dat hat de provinsje witte litten. Pleksiglêsfabrikant Atoglas stiet midden yn de stêd. Omwenjenden binne bang foar ûngemakken.

De provinsje drige yn april noch om Atoglas in twangsom op te lizzen. Doe wurke it bedriuw noch net neffens de easken. Atoglas hat foar oardel miljoen ynvestearre. Formeel moat de Steatsrie de miljeufergunning noch goedkarre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)