Atleten rinne Befrijingsloop

05 maaie 2003 - 00:00

Tweintich atleten hawwe moandei in ôfstân fan 220 kilometer ôflein. De rinners brochten mei in fakkel it fredesfjoer oer fan Wageningen nei Ljouwert. Datselde fjoer waard ek nei alve oare plakken yn Nederlân brocht. Oan de Befrijingsloop diene 18 atleten fan Loopgroep Ljouwert en Lionitas en twa fan it Fredesplatfoarm mei.

De start wie nachts om healwei ienen by hotel De Wereld yn Wageningen. It fjoer waard oanbean oan boargemaster De Boer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)