Atlas fan tsjustere plakken

27 aug 2009 - 18:58

It tsjusterste plak fan Fryslân is fan ein oktober ôf te finen yn in spesjale atlas. De miljeufederaasje makket dy atlas. De organisaasje wol sa oandacht freegje foar it hieltyd ljochter wurden fan de nacht. Dat soarget foar problemen by guon bistesoarten. Dy reitsje fan slach troch it ljocht nachts.

In ekspert siket út wat it tsjusterste plak fan Nederlân is. De Fryske miljeufederaasje hopet dat dat hjir yn Fryslân is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)