Atje wichtich by frouljusriden

23 feb 2013 - 11:16
  • Atje Keulen-Deelstra

Atje Keulen-Deelstra hat in wichtige rol spile by de emansipaasje fan it frouljusreedriden. Dat seit Sippy Tigchelaar, dy't yn 1972 oan deselde Olympyske Spelen meidie as Atje Keulen-Deelstra. Neffens Tigchelaar, dy't bestjoerslid fan reedrydbûn KNSB is en ek by Omrop Fryslân wurket, hat Atje Keulen-Deelstra it frouljusriden tegearre mei Stien Kaiser op 'e kaart set.

Tigchelaar seit dat Atje Keulen-Deelstra dêrby de knop omsette koe en har by har prestaasjes net beynfloedzje liet troch har gesin mei trije bern.

De rydster út Jirnsum ferstoar freed op 74-jierrige leeftiid, neidat se in dei earder in harsenynfarkt hân hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)