Atje Keulen-Deelstra ferstoarn

23 feb 2013 - 07:47
  • Atje Keulen-Deelstra

Reedrydster Atje Keulen-Deelstra is freed op 74-jierrige leeftyd ferstoarn. Keulen-Deelstra rekke tongersdei troch in harsenynfarkt yn koma en is net wer bykaam.

Atje Keulen-Deelstra wie de meast suksesfolle Nederlânske reedrydster ea. Se waard fjouwer kear wrâldkampioen allround, foar it earst yn 1970. Ek wie 'ús Atsje' trije kear de bêste allroundster fan Europa. By de Olympyske Spelen fan 1972 helle se ien sulveren en twa brûnzen medaljes. Yn 1974 hâlde se op mei de langebaan en gie se oer op maratons.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)