ATF-strafsaak behannele

13 des 2006 - 17:46

Nei fiif dagen is de daging yn de ATF-rjochtsaak hielendal behannele. In pear wiken lyn sette de behanneling út ein, mar trije dagen wiene lang net genôch. Tiisdei en woansdei is der fierder oan wurke. De eardere direkteuren fan ôffalferwurker ATF yn Drachten wurdt brân troch skuld en oertredings fan de miljeuregels ferwiten.

Yn maaie 2000 giene by ATF hûnderten tonnen gemysk ôffal yn flammen op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)