ATF net skuldich oan brân

08 mrt 2007 - 15:57
  • Byld fan de ATF-brân yn maaie 2000 (byld argyf Omrop Fryslân)

Offalferwurker ATF en syn trije direkteuren hawwe gjin skuld oan de brân yn 2000 by it bedriuw. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert tongersdei bepaald. By ATF yn Drachten baarnde yn 2000 480 ton gemysk ôffal op.

Neffens de rjochtbank is der net genôch bewiis dat it bedriuw en syn direkteuren skuld hawwe oan de brân. It Iepenbier Ministearje tinkt noch nei oer it oantekenjen fan heger berop tsjin de útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)