ATF-direkteuren foar de rjochter

02 sep 2006 - 16:34

De trije direkteuren fan it eardere ôffalferwurkingsbedriuw ATF yn Drachten moatte ein novimber foar de rjochter komme. Dit nei oanlieding fan in grutte brân by it bedriuw yn 2000. It Iepenbier Ministearje daagt ek it bedriuw foar de rjochter yn ferbân mei ûnder oaren brân troch skuld.

De rjochtsaak tsjinnet pas seis jier nei de brân, omdat de advokaten fan de direkteuren tsientallen tsjûgen hearre lieten by de rjochter kommissaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)