Ateliers moatte betelber wêze

01 sep 2004 - 14:11

De FNP-Ljouwert wol de ateliers yn de stêd betelber hâlde om it keunstklimaat yn Ljouwert optimaal te hâlden. Neffens de FNP mei de hier fan in atelier net heger wêze as tritich euro per kante meter om't keunstners net mear opbringe kinne.

It kolleezje fynt dat de hierbedraggen neffens de yndeks omheech geane. Foar it wurkplak de Haniahôf giet de hier omheech nei 45 euro. Dat gebou wurdt nammentlik foar 35.000 euro ferboud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)