Asylsikerssintrum bliuwt iepen

28 apr 2001 - 00:00

It asylsikerssintrum op Skylge bliuwt langer iepen. Yn it âlde hotel 'Paal 8' wenje sûnt foarich jier novimber 95 asylsikers. De ôfspraak wie dat sy oant 30 april dêr wenje koene.

Dy termyn wurdt no ferlinge oant 31 desimber. Dêrnei kinne de asylsikers hooplik wenje yn 'It Punthoofd', in âld appartementsgebou dat op it stuit renovearre wurdt. 'Paal 8' wurdt ôfbrutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)