Asylsikerssintra noch wol nedich

15 jan 2002 - 00:00

It tal asylsikers nimt lanlik ôf, dochs moatte der noch tsientallen azc's by komme. Dat seit it COA (sintraal orgaan opfang asylsikers). Ek yn Fryslân moat noch plak komme foar tal fan frjemdlingen dy't hjir asyl oanfreegje.

Op Skylge wurdt it azc Paal Acht begjin febrewaris wer iepene. Earder waard de opfang yn it âlde hotel sluten. De opfang is foarearst oant 30 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)