Asylsikersbern Drachten fuort

04 aug 2006 - 17:16

It Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers wit net wêr't twa asylsikersbern út it AZC fan Drachten keard binne. De Nigeriaanske bern binne de ôfrûne moannen ferdwûn út Drachten en ek út oare AZC's. De bern binne fermoedlik ûnderbrocht yn de prostitúsje.

It gebeurt faker dat allinichsteande minderjierrige asylsikers ferdwine. Twa jier lyn waarden bern wei út wengroepen yn Ljouwert en út AZC's yn Sint Anne en Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)