'Asylsikers yn wenwiken'

03 jan 2003 - 00:00

Asylsikers ûnderbringe yn wenwiken. Dat wolle de gemeente Littenseradiel en de wenningkorporaasje De Friese Greiden. De opfang soe yn it plak komme moatte fan de opfang op ien lokaasje, sa't dat no wenst is.

De nije wize fan opfang is reëler om't der minder asylsikers komme. It COA, it sintraal orgaan opfang asylsikers, tinkt de helte minder op te fangen as earder tocht waard. De ried moat him noch útsprekke oer de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)