Asylsikers Wytmarsum ferhúzje

01 nov 2005 - 10:45

67 fan de 105 flechtlingen dy't yn de needopfang yn Wytmarsum sitte, moatte der foar 15 maart út. De needopfang wurdt oernommen troch de Stichting Philedelphia, dy't dêr in opfang foar ferstanlik handikapten begjinne wol.

De Stichting Beheer Noodopvang Friesland wol mear tiid hawwe om ferfangend ûnderdak foar de 67 asylsikers te finen. De oare 40 kinne yn it gebou wenjen bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)