Asylsikers nei krimpgebieten

16 sep 2014 - 13:02

Krimpgebieten yn Fryslân moatte mooglik mear asylsikers opfange yn de takomst. Dat seit foarsitter Jos Wienen fan de Asylkommisje fan de Feriening fan Nederlanske Gemeenten. Troch de situaasje yn bygelyks Syrië komme der hieltyd mear asylsikers nei ús lân.

Minsken út oare lannen mei in ferbliuwsfergunning moatte dan earder selsstannige wenten krije, mar dat is yn de praktyk hiel dreech. Der is lanlik in grut tekoart oan sokke huzen. Foarsitter Wienen pleitet dat krimpgebieten as Noardeast-Fryslân mear huzen beskikber stelle.

Fryske gemeenten prate ynkoarten mei de wenningkorporaasjes oer de opfang fan asylsikers mei in ferbliuwsfergunning. Dat seit foarsitter Tjeerd van der Zwan fan de Feriening fan Fryske gemeenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)