Asylsikers meie bliuwe

27 feb 2003 - 00:00

De 56 asylsikers op It Amelân meie dêr oant de simmer ta bliuwe. Dat makke it COA tongersdeitemiddei bekend. It ferrassende nijs komt nei wiken fan ûnsekerheid en in trijetal rjochtsaken.

De moarns noch kaam de doarwarder by de asylsikers del mei in befel om har opfang binnen trije dagen te ferlitten. De ekstra riedsgearkomste op It Amelân oer de opfang fan de asylsikers hoegde tongersdeitemiddei net troch te gean nei it bekendwurden fan it goede nijs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)