Asylsikers kinne dochs yn berop

20 nov 2004 - 14:23

Mooglik hûnderten asylsikers yn Fryslân kinne it beslút fan minister Verdonk om harren gjin ferbliuwsfergunning te jaan oanfjochtsje. Dat is it gefolch fan in útspraak fan 'e Raad van State. It giet om asylsikers dy't Verdonk yn in brief om pardon fregen fanwege 'schrijende' persoanlike omstannichheden.

Neffens Verdonk wiene dy brieven gjin offisjele oanfragen, mar neffens de Raad van State wol. En dat betsjut dat in asylsiker in berop gean kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)