Asylsikers It Amelân sette ôf

08 jul 2003 - 00:00

Santjin fan 'e 42 asylsikers binne tiisdeitemoarn fan It Amelân ôfset. Begjin dit jier wegeren se fuort te gean, omdat harren bern it skoaljier dêr ôfmeitsje moasten. Fan it COA mochten se oan 'e simmer ta bliuwe.

De rest fan 'e groep giet tongersdei ek fuort. De Amelanner asylsikers gean nei azc's yn ûnder oare Drachten, Sint Anne en op 'e Lemmer. De Amelanner befolking woe de asylsikers graach hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)