Asylsikers bliuwe op Amelân

08 jan 2003 - 00:00

Mar ien gesin en in jongeman binne woansdei fuortgien út de oanfoljende opfang foar asylsikers yn Nes op It Amelân. Mei-elkoar 70 minsken wegeren fuort te gean. Dat ferwachte in wurdfierder fan de asylsikers.

Tiisdei wegere in oantal flechtlingen ek al om de opfang te ferlitten. It COA wol de oanfoljende opfang slute om't yn de echte azc's foldwaande romte is. De bewenners wolle dat har bern it skoaljier op It Amelân noch ôfmeitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)