Asylsikers Amelân moatte fuort

06 feb 2003 - 00:00

De asylsikers fan it Amelân moatte fan de rjochter fan it eilân ôf. It COA hat tongersdei foar de rjochtbank gelyk krige en slút de tydlike opfang op it eilân definityf.

De asylsikers woene oant ein fan dit skoaljier bliuwe. Se krigen stipe fan 'e gemeente It Amelân en de provinsje. Yn in earder koart pleit fan de asylsikers tsjin it COA hie de rjochter ek al besletten dat de asylsikers fuort moasten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)