Asylsiker naait út

18 sep 2010 - 13:33

In 19-jierrige Irakees hat freed besocht te ûntkommen, doe't de plysje him ophelle foar syn útsetting. De Irakees wennet yn it asylsikerssintrum yn Drachten en is útprosedearre. Hy rûn earst rêstich mei de beide plysjeminsken mei nei de auto ta, mar naaide ynienen út.

Tsjûgen ferwiisden de plysje nei it yndustryterrein oan de A7. Meiwurkers fan in bedriuw dêr seine dat der in man yn in papierkontener siet. De plysje hat de Irakees der úthelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)