Asylsiker as boerehelp

08 jul 2003 - 00:00

Wannear't it azc yn Dokkum tichtgiet, bliuwt der mooglik plak foar asylsikers yn Dongeradiel. Bouboeren yn Noardeast-Fryslân hawwe nei de skoalfakânsjes ferlet fan wurkkrêften.

Jentsje Weidenaar út Easternijtsjerk is bot te sprekken oer de asylsikers. As 'Dokkum' tichtgiet, hellet de bouboer mooglik asylsikers fan fierder fuort. Hy wol se dan ek húsfeste yn karavans. Oars kin er nei eigen sizzen net oan personiel komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)