Asylopfang helte goedkeaper

22 jan 2003 - 00:00

De 85 asylsikers yn de Vliestroom op Flylân meie fergees in moanne langer bliuwe. Dat hat eigner Westers oanbean. Earder hie er de opfang foar de helte fan de priis oanbean.

It COA wol de opfang ein dizze moanne slute. It AZC yn Sint Anne is noch net klear en dus moatte de asylsikers earst nei Harns en Frjentsjer. In soad Flylanners fine dat ûnminsklik. Westers slut him der by oan. It COA kin de sluting net útstelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)