Asyl sit mei neakene hûntsjes

27 des 2010 - 18:41

Diere-asyl de Nomadenhof yn Snits sit yn de mage mei twa 'Chinese naakthondjes'. De twa bisten waarden moandei fûn op de Vuurtorenweg op De Lemmer. Se hiene gjin jaskes oan, wylst de bisten net oer kjeld kinne omdat se gjin hier hawwe.

Troch de chip fan ien fan beide hat it asyl in tillefoannûmer fan de eigner achterhelle, mar dat wurdt al in wike net opnaam. Der is wol belangstelling foar de bisten. Pups fan it neakene hûneras kostje 500 oant 1000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)