Asyl Ljouwert grôtfol

26 jul 2011 - 19:43
  • Noch wol plak foar kittens yn De Wissel

Diere-opfang De Wissel yn Ljouwert sit op it stuit grôtfol. Der is gjin plak mear foar folwoeksen katten. Jonge katsjes kinne noch wol pleatst wurde. Gefolch is dat der gjin stjitkatten mear nei De Wissel tabrocht wurde kinne.

De diere-opfang giet derfan út dat it om in tydlike sitewaasje giet. Oer in pear wike soe der wer romte wêze moatte. De sloop fan flats soarget ek foar ekstra drokte. Guon minsken hawwe gjin sin de kat mei te ferhúzjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)