Astana krijt mear tiid foar lisinsjekwestje

04 mrt 2015 - 14:01
  • Lieuwe Westra

Hurdfytsploech Astana hat fan de ynternasjonale hurdfytsuny twa wiken de tiid krigen om te reagearjen op it foarstel om de lisinsje fan de ploech yn te lûken. Dat skriuwt in Frânske krante. De uny wol de lisinsje ûnder oare ynnimme omdat it dopingbelied fan de ploech net neffens de ôfspraken wêze soe.

Lieuwe Westra, hy komt oarspronklik fan Mûnein, is ien fan de fytsers fan de ploech. Mocht de lisinsje ynlutsen wurde, dan kin Astana ek noch berop oantekenje by sporttribunaal CAS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)