Assener pakt foar wapenbesit

27 sep 2013 - 12:51
  • Pistoal

Op de Houtwal yn Easterwâlde is tongersdei in 49-jierrige man út Assen oanhâlden foar ferbean wapenbesit. De man wurdt yn ferbân brocht mei de fynst fan ferskate fjoerwapens, likernôch trijetûzen xtc-pillen en himpplanten earder dizze moanne yn in wenning oan De Delle yn Aldeberkeap. By de ynfal waard de 25-jierrige bewenster oanhâlden. Dy is ûnderwilens wer frijlitten.

Oan de hân fan mear ûndersyk is no de man út Assen oppakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)