Assenaar pakt foar joyriden

10 feb 2008 - 15:04

In 17-jierrige autobestjoerder fan Assen is sneintemoarn betiid oan de Vaart Zuidzijde yn Appelskea oanhâlden. De jongen wie sûnder tastimming oan it riden yn in auto fan in famyljelid. Ek hie de Assenaar te folle dronken.

De jongen krijt in proses-ferbaal foar joyriden, it riden sûnder rydbewiis en it riden ûnder ynfloed. Boppedat is syn bromfytsrydbewiis yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)