Assenaar net troch geweld dea

19 feb 2004 - 00:00

De 53-jierrige ynwenner fan Assen, dy't moandei dea yn it wetter fan de Dokkumer Ie by Ljouwert fûn waard, is net troch geweld om it libben kaam. Dat docht bliken út ûndersyk fan de plysje.

De plysje hat ferskate tsjûgen heard, spoaren ûndersocht en seksje op it lichem fan de man dien. De 44-jierrige frou, dy't fanwege de dea fan de Assenaar fêst siet, is tongersdei troch de plysje frijlitten. Se is net ferantwurdlik foar de dea fan de man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)