Asscher: "Maatwurk mooglik by nije flekswet ûnderwiis"

09 mrt 2016 - 20:04
  • Master Isaak de Boer yn Blije

Minister Lodewijk Asscher fan Sosjale Saken tinkt dat it foar kristlike basisskoallen mooglik bliuwt om op tydlike basis ynfalskrêften yn te setten. Dat sei er yn de Twadde Keamer. Fryske skoallen fiere fan 'e wike aksje tsjin de nije flekswet. Se binne bang dat it mei yngong fan dizze simmer ûnmooglik wurdt om tydlike krêften yn te setten. Nei trije ynfalbeurten moatte dy dan in fêst kontrakt krije.

Neffens de minister kinne fakbûnen en wurkjouwers bêst ôfprate dat ynfalkrêften gjin fêst kontrakt hoege te krijen. Maatwurk is mooglik.

Ald-FNV-foarsitter Lodewijk de Waal sil op fersyk fan Asscher as spesjaal ferkenner mei ûnderwiisbûnen en skoalbestjoeren oerlizze oer de ynfallers.

Ut protest tsjin de nije flekswet stjoerden guon kristlike Fryske skoallen fan 'e wike bern nei hûs ta by sykte fan in learkrêft. De Ikker yn Blije pakte it oars oan, sa melde se op harren eigen Facebookside. Se stjoerden de bern net nei hûs ta, mar lieten de lessen oan de groepen 3 oant en mei 8 jaan troch twa learkrêften. Dy hiene de tuskendoarren tusken de lokalen iepenset om hinne en wer rinne te kinnen tusken de groepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)