Assaidi noch net wis foar AZ

02 des 2011 - 13:05

It is noch net wis oft Hearrenfeanspiler Oussama Assaidi meispylje kin tsjin AZ. Assaidi hat noch lêst fan syn rêch en ljisk, mar hat freed wol folop meitraind. "Het doet pijn in mijn lies, dan weer in mijn rug, dan weer naar mijn lies en terug naar mijn rug. Het is een wat rare blessure." Moarn beslist Assaidi of hy snein meidwaan kin.

Fierder hat Jans in sa goed as fitte seleksje. Allinnich Quenten Martinus is blesseard. Martinus foel moandei by de beloften út mei in lichte hamstringblessuere. As Assaidi fit is, dan spilet hy yn fergeliking mei de lêste wedstrijd tsjin NAC yn plak fan Rajiv van La Parra. Fierder spilet trainer Jans mei deselde opstelling as tsjin NAC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)