Asosjale bikers op A6

19 aug 2011 - 20:19

In groep motorriders ried freedtemiddei op asosjale wize oer de A6. De bikers hellen auto's links en rjochts yn, wylst se goed 200 kilometer yn de oere op de teller hiene. Se kamen út de rjochting fan Emmeloord.

Nei in melding kaam de plysje yn aksje. Se koene de motorriders krekt foar De Jouwer ynhelje. Ien fan de bestjoerders hie gjin rydbewiis by him. Tsjin him is in proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)