Asfaltlaach akwadukt te heech

20 sep 2010 - 16:11

Der leit te folle asfalt ûnder it akwadukt yn de A7 by Snits. Op de linkerrydbaan is de laach fiif sentimeter te heech. De kommende wiken sil it der ôfhelle wurde. Opfallend is dat it akwadukt boppe de rjochterydbaan skea hat. Neffens projektlieder Hoitinga komt dat troch frachtweinsjauffeurs dy't de oplizzers net op oarder hawwe.

It wurk oan de rûnwei fan Snits is hast klear. Heal novimber wurdt de twadde houten brêge pleatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)