Asfalt op fiif diken ferfongen

30 jan 2009 - 16:31
  • Troch de froast sitte der gatten yn it asfalt

Op fiif plakken yn de provinsje wurdt de kommende wiken it asfalt ferfongen. It giet om ´e trajekten Beetstersweach-De Tynje, Grou-Akkrum, It_Hearrenfean-Aldehaske, De_Jouwer-It_Hearrenfean en Boalsert-Nijlân. De toplaach fan´e diken is troch wikseljende temperatueren stikken gien.

Rykswettersteat sil de diken ien foar ien reparearje om oerlêst foar te kommen. Der kin begûn wurde mei de wurksumheden sa gau´t it kwik boppe de 5 graden is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)