Asbestwarskôging by skoalle

06 apr 2013 - 13:02
  • (foto-ympresje)

Iepenbiere basisskoalle De Twa Fisken yn Grou warskôget bern en âlden foar asbest op it âlde skoalleterrein. Dat is frijkaam by de sloop fan it âlde gebou yn it doarp. De ôfrûne wike bin der ruten fernield en hawwe bern yn de tinten west dêr't it asbest yn opslein leit. Om it terrein hinne stiet in grut stek en der stean warskôgingsbuorden. Troch foarljochting hopet de skoalle dat de bern der net no mear komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)