Asbestskip yn haven fan Harns

22 nov 2006 - 15:48

Yn de haven fan Harns komt woansdei in skip mei asbest oan. It giet om de Nederlânske coaster Celica. It skip ferfiert asbest fan it monumintale skip Rotterdam. Dat skip is renovearre yn Poalen. By dy renovaasje kaam asbest frij.

De lading asbest wurdt fan Harns ôf mei frachtweinen ferfierd nei Hengelo. Dêr wurdt it opslein yn in eardere sâltmyn. By it transport wurde ekstra feilichheidsmaatregels nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)