Asbest yn trettjin tunen

22 aug 2003 - 00:00

Yn trettjin tunen oan de Watse Eelkes- strjitte op de Gordyk wurdt sûnt tongersdeitemiddei asbest opromme. Woansdei waarden by in brân yn in skuorre asbestplaten ferbaarnd. Dieltsjes fan de platen binne yn omlizzende tunen telâne kaam.

Bewenners moatte salang't it opromjen duorret binnenshûs bliuwe en meie net yn de tún komme. In ûnôfhinklik laboratorium sil de tunen ynspektearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)