Asbest yn sportkompleks De Wetterstins sanearre

30 jun 2015 - 16:01
  • Swimbad Wetterstins yn Burgum

Al it asbest dat fûn is yn sportkompleks De Wetterstins yn Burgum is opromme. By de renovaasje fan it swimbad waard koartlyn asbest oantroffen yn it ûndjippe bad. Al gau die bliken dat dit it ienige plak wie dêr't de gefaarlike stof siet.

Alles is de ôfrûne oardel wike sanearre. Hjoed is it besmette gebiet wer frijjûn. Der kin no wer fierder gien wurde mei de wurksumheden foar de opknapbeurt fan it swimbad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)