Asbest yn popseal Blokhúspoart

06 des 2012 - 10:04

De Ljouwerter popseal Asteriks, yn de Blokhúspoarte, is fuortdaliks sletten. Yn de fliertegels is asbest fûn. Dat is oan it ljocht kommen doe't de tegels fanwege slitaazje ferfongen wurde moasten. Yn de ferlime ûnderlaach is doe it asbest oantroffen.

Undersyk hat útwiisd dat der gjin gefaar foar de sûnens west hat, mar de tegels binne wol sa bot oantaast dat fierder gebrûk fan de seal ûnmooglik is. De konserten fan Asteriks sille de kommende tiid op in oar plak hâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)