Asbest yn kassen Holwert

15 des 2006 - 18:45

Yn in leechsteand kassekompleks yn Holwert is asbest fûn. De eigner fan de kassen hie opdracht jûn om de ynventaris út de kassen te heljen. In oplettende buertbewenner wie bang dat der asbest yn de kassen siet en warskôge de gemeente.

It asbest is allinnich yn it kompleks fûn en dêrom is der gjin gefaar foar besmetting fan it gebiet der omhinne, mar it kassekompleks is dochs ôfsluten om elk risiko út te sluten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)