Asbest yn Bornia Herne

07 des 2011 - 11:35

Yn ferpleechhûs Bornia Herne yn Ljouwert is by technyske wurksumheden yn in kelder in grutte partij asbest fûn. In spesjalistysk bedriuw is dizze wike begûn mei it fuortheljen derfan. De kelder en romten dêrom hinne binne ôfset en ferbean gebiet foar bewenners en personiel. De wurksumheden fine oerdeis en jûns plak en duorje sa'n twa wiken. Yn Bornia Herne sitte 120 bewenners dy't dêr yn de skjinmakperioade gewoan wenjen bliuwe kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)