Asbest yn berne-opfang

26 nov 2013 - 18:35

By berne-opfang Triangel yn Ljouwert is tiisdei asbest fûn. It gefaarlike materiaal leit yn de kelder, dêr't de bern net komme kinne. SKL, eigener fan de berne-opfang, nimt lykwols gjin risiko's en lit de bern fan woansdei ôf op oare lokaasjes opfange. De âlden binne tiisdei per mail en tillefoanysk ynformeard.

It asbest waard fûn by in ûndersyk foar in ferbouwing fan takom jier. SKL wie dêrom fan doel om fan jannewaris ôf de bern op oare lokaasjes ûnder te bringen, mar docht dit no fuortendaliks al.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)