Asbest: rommelmerk giet oer

04 jan 2007 - 10:54

De aktiviteiten yn it eardere suvelfabryk yn Burgum kinne net trochgean fanwege de ynterne sloop fan in ketelhok. Dêryn is asbest fûn en foar it fuortheljen fan dat guod is in spesjale fergunning nedich. Dy is der net, dus is de sloop yllegaal.

De gemeente hat it terrein ôfset om problemen mei de folkssûnens foar te kommen. De rommelmerk fan sneon kin net trochgean en de lokale omrop kin net mear útstjoere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)